Bobslider Veenker: "Top 10 op it WK sit der wol yn"

07 mrt 2019 - 07:30

Bobslider Dennis Veenker fan It Hearrenfean makket him klear foar it wichtichste momint fan it seizoen. Oankommend wykein stiet foar him it wrâldkampioenskip bobslydzjen op it programma. Ferline wike kaam er al yn aksje mei de twamansbob, mar sneon en snein stiet it slotstik foar Veenker foar de doar mei de fjouwermansbob.

Foto: IBSF

Veenker hopet yn de top 10 te einigjen. Mei de twamansbob einigen se ôfrûne wykein as sechstjinde. As Veenker nei de rest fan it dielnimmersfjild sjocht, dan sit de top 10 der wol yn, seit er. "Wy ha acht wrâldbeker wedstriden hân en doe binne we tsiende wurden yn it einklassemint."

It WK wurdt hâlden yn it Kanadeeske Whistler. Dêr leit de fluchste bobbaan fan de wrâld. "Dat is wol ris spannend", seit Veenker. "Woansdei giene we 152,7 kilometer yn de oere. Dan moatte je 100 persint bertrouwen ha yn je piloat."

Gjin haadsponsor

It WK is de ein fan it seizoen. Foar Veenker wie it ek in dreech seizoen, want yn desimber hâlde haadsponsor Holland Casino der mei op. "Eurotech hat foar it hiele seizoen betelle en dat resultearre yn in sechde plak op it EK, en tsiende yn de wrâldbeker ranking, dat is hiel goed." Dochs krije de bobsliders mei harren sechde plak op it EK gjin topsportstatus fan it NOC*NSF, want it bobslydzjen is noch gjin fokussport by de sportorganisaasje.

Dennis Veenker oer it WK

(Advertinsje)
(Advertinsje)