Ljouwerter falt út beam op syn flecht foar de plysje

07 mrt 2019 - 06:39

In 46-jierrige Ljouwerter is woansdeitejûn, doe't hy op de flecht foar de plysje wie, út in beam fallen. Plysjes seagen de man op de Groentemerk fytsen, wilens hy noch 65 dagen de sel yn moast. De man naaide út. Doe't hy fia in plat dak yn in beam klom om yn in tún springe te kinnen, foel hy út de beam.

Bosk - Foto: Shutterstock.com

De man wist noch fia de túndoar troch de wenning nei de strjitte te rinnen, mar waard dêr troch in plysjeman opwachte. De Ljouwerter is yn it sikehûs ûndersocht en dêrnei nei it plysjeburo brocht. Dêr die bliken dat de man ek noch fertocht wurdt fan stellerij yn in winkel.

Trefwurden: 
Ljouwert beam flecht
(Advertinsje)
(Advertinsje)