"Gebrek oan grutskens op kulturele haadstêd yn polityk"

07 mrt 2019 - 01:44

Der waard kwealik oer kulturele haadstêd praat yn it debat oer kultuer yn it ramt fan de steateferkiezingen, woansdeitejûn yn it Natuurmuseum yn Ljouwert. Dat is spitich, fynt Jan Pier Brands, âld-direkteur fan Neushoorn. Hy wurket no yn Rotterdam en wie ynflein om syn ljocht op it debat skine te litten. Hy miste grutskens op kulturele haadstêd.

Jan Pier Brands - Foto: Omrop Fryslân

"It like wol ferbean om oer kulturele haadstêd te praten", fynt Brands. "Wylst we foarich jier Champions League spile hawwe en de top berikt ha." Brands mist yn de polityk de refleksje op hoe't de top berikt is en hoe no fierder te gean om dit fêst te hâlden. "As je neat dogge, dan reitsje je de kreative lieders kwyt. Dy moatte it dwaan."

Marijke Roskam oan it wurd - Foto: Omrop Fryslân

Ekstra jild

Foaral de PvdA spruts har hiel dúdlik út as grut foarstanner fan kultuer. "Wat ús oanbelanget moat der jierliks ien miljoen euro ekstra komme foar it ferfolch op kulturele haadstêd, boppe op de twa miljoen dy't der no al leit", sa seit listlûker Marijke Roskam.

Ek de gewoane subsydzjes foar kultuer meie wat de partij oanbelanget wol omheech. "We moatte karren meitsje. Fjouwer jier lyn is it opjild 30 prosint nei ûnderen ta gien. Ik tink dat minsken wol in pear euro ekstra betelje wolle, as je sjogge nei it pikefelmomint fan 2018."

It CDA wol net samar ekstra jild oan kultuer jaan. Earst moatte gemeenten, fûnsen of bedriuwen de beurs lûke. Pas dan wol de provinsje ek in bydrage jaan, as it oan Sietske Poepjes fan it CDA leit.

Foto: Omrop Fryslân, Wendy Kennedy

Keunst mei in funksje

Yn de debatten gie it faak oer dat keunst wat opsmite moat of in funksje hawwe moat. Neffens Avine Fokkens fan de VVD giet it om belestingjild dat mar ien kear útjûn wurde kin. Sa folle mooglik minsken moatte der wat oan hawwe. Wol is se foar in blockbusterfûns. "Het Fries Museum moet ook in de toekomst grote tentoonstellingen houden en veel publiek trekken."

Matthijs Sikkes fan GrienLinks fynt net dat de fokus te bot op de ekonomyske opbringst lizze moat. Ek maatskiplike doelen fynt hy belangryk, sa as by de projekten de Kening fan de greide of de Elfwegentocht. Om't keunst sa in funksje kriget, soe it jild ek wol út oare potsjes komme kinne, fine guon partijen. Sa as út it toerisme, ekonomy of lânbou.

(Advertinsje)
(Advertinsje)