Inisjatyfnimmers diele harren plannen foar in brûzjend Waadgebiet op gearkomste

06 mrt 2019 - 23:30

It is it ferneamdste gebiet fan hiel Fryslân; it Waadgebiet. Mar jonge minsken ferhúzje nei oare plakken en it gebiet rint leech. Dêrom moatte der mear toeristen lutsen wurde. Der binne in soad plannen en ideeën om dit gebiet de kommende jierren nijsgjirriger te meitsjen. It Fries Programma Waddenkust wol dizze en takomstige plannen fierder ûntwikkelje.

Foto: Omrop Fryslân

Inisjatyfnimmers koene dêrom woansdeitejûn op de ynformaasjegearkomste by de Seedykstertoer yn Marrum mear oer harren plannen fertelle oan gemeenten, mienskiplike organisaasjes en oare belangstellenden. Ek wie der romte om fierder nei te tinken oer nije ideeën rûn de Waadkust.

Ien loket

De ôfrûne jierren binne der neffens wethâlder Jelle Boerema fan Noardeast-Fryslân wol hûndert inisjativen betocht foar de Waadkust. En dat is net allinnich dien troch gemeenten, mar ek troch bedriuwen, kulturele ynstellingen en ûnderwiisynstellingen.

"Daarom zullen we één loket gaan inrichten om al die initiatieven te bundelen. En waar coördinatie plaats zal vinden om de initiatiefnemers en ook de inwoners een goede onderbouwing van de plannen te kunnen geven." Der wurdt noch neitocht oer in eventuele namme fan it loket en wêr't it te finen wêze sil.

Subsydzjemooglikheden

Wethâlder Caroline de Pee fan de gemeente Waadhoeke seit dat der in soad subsydzjemooglikheden binne foar inisjativen, mar dat dizze net altyd bekend binne. Troch by ien loket alle ynformaasje te krijen, wurdt dúdlik oft it in kâns fan slagjen hat.

In bekend projekt is bygelyks Holwert oan See, mar krekt dy lytse inisjativen binne neffens Boerema wichtich foar de leefberens fan it Waadgebiet. Beide wethâlders hoopje dan ek dat minsken ynspirearre wurde troch plannen fan oaren en harren ideeën foar in brûzjend Waadgebiet ek yntsjinje sille.

Foto: Omrop Fryslân

It Amelân is folle moaier fan de kust ôf sjoen, dus dêrom moatte we Wierum en Holwert mear ûnder de belangstelling bringe.

Oege Hiddema

Fryslân Boppe

Ien fan de inisjatyfnimmers fan plannen foar de Waadkust is Oege Hiddema. "It Amelân is folle moaier fan de kust ôf sjoen, dus dêrom moatte we Wierum en Holwert mear ûnder de belangstelling bringe en mei elkoar ferbine. Dêr moatte we mei oan de gong." Hiddema is foarsitter fan Wetterwâlden Bûtenfjild, in inisjatyf fan 14 doarpsbelangen yn it bûtenfjild, en woe graach ek kontakt ha mei oare parten fan Fryslân.

Sa'n fiif wiken lyn is dêrom Rekreaasjenetwurk Fryslân Boppe opsetten, om de rûtes en rekreaasje rûnom it wetter yn it noarden en suden fan Fryslân mear mei elkoar te ferbinen. Hiddema is tige entûsjast oer it Waadgebiet en fynt dat de lytse inisjativen fan ûndernimmers, lykas in moaie farrûte of lokaal museum, better mei elkoar ferbûn wurde moatte. Dat kin neffens him troch se te foet, oer de dyk en oer it wetter goed op mekoar oan te sluten.

"Undernimmers moatte meitinke en arranzjemintsjes meitsje. Mei mekoar gearwurkje. Dêr moatte we mei begjinne. Mei entûsjaste minsken dy't de kracht fan harren eigen gebiet sjogge".

"It binne de lytse dingen"

Maaike Prins, steatelid fan it CDA, is it iens mei Hiddema. 'We binne drok oan it brainstoarmjen oer hoe't je de minsken hjir krije. As je op de seedyk stean gean en je sjogge it Waad, dan kinne je de hiele dei wol stean bliuwe. Foaral as it goed waait. It is fantastysk, mar hoe litte je dat sjen oan oaren? Ik tink dat we gewoan dwaan moatte. En ek al binne de inisjativen noch sa lyts, it wreidet har wol út lâns de kust."

Neffens Oege Hiddema lizze der yn it noardeasten fan Fryslân noch safolle ferburgen saken."Rekreaasje kin je stimulearje mei beton, stiennen en asfalt. Mar dêr komme gjin minsken foar. Se komme foar de moaie ferhalen. As je in hiele dei op in terras yn Turkije gratis iten en drinke krije, dan ha je neat om oer te praten. As beppe hjir yn it bûtenfjild út it boatsje falt hat se de fakânsje fan har libben. It binne de lytse dingen."

(Advertinsje)
(Advertinsje)