Ried Ljouwert baalt fan negative byldfoarming Antillianen

De gemeenteried fan Ljouwert wol ôf fan de negative byldfoarming oer Antillianen. De ried baalt fan alle minne publisiteit dy't der west hat nei de publikaasje fan de feilichheidsnota. Dêryn stiet ûnder oare dat in lytse groep Antillianen foar problemen soarget. Ek stiet der dit: "De grote instroom van 'kansloze Antillianen' uit de Nederlandse Antillen en vooral ook Rotterdam in de laatste jaren zorgen baart".
© Omrop Fryslân, Onno Falkena
Dy opmerking yn de nota hat foar in soad opskuor soarge. Yn it deiblêd AD stie de kop: "Leeuwarden wil geen Antillianen meer uit Rotterdam". Neffens PvdA-fraksjefoarsitter Lutz Jacobi liket it der sa op dat der yn Ljouwert dien wurdt oan etnysk profilearjen. "Dêr bin ik perfoarst net bliid mei", stelt Jacobi. Neffens har is komôf net fan belang. Jacobi wol it kolleezje yn in moasje oproppe om maatregels te nimmen tsjin dy byldfoarming.
Ek de oare partijen yn de ried kinne har net fine yn it byld dat no om de Ljouwerter Antillianen hinne hinget. Jan Willem Tuininga fan de FNP fernimt sels fan tichtby hoe't der reagearre wurdt. "Myn dochter hat in relaasje mei in Antilliaan. As syn freonen út de auto stappe, sjogge je de minsken oan de oare kant altyd eefkes foar it rút stean om te sjen wat der bart."
Ferd Crone oan it wurd

Kânsleas

PAL GroenLinks wol ôf fan it wurd "kânsleas" yn de nota. De partij wol graach dat dat feroare wurdt. Dêr fielt boargemaster Ferd Crone neat foar. Neffens him is de gemeente net ferantwurdlik foar de ûntstiene byldfoarming. Hy fynt dat je net dwaan moatte as binne der gjin problemen yn de Antilliaanske mienskip. Neffens him fynt it grutste part fan de Antillianen de oanpak fan de gemeente no sels te myld. "Jullie moeten onze jongeren harder aanpakken. Jullie zijn te soft in Nederland."
Crone seit sels neat te hawwen mei it wurd "kânsleas". "Ik zeg al elf jaar lang dat de mensen die het meeste last hebben van de beeldvorming de goedwillende Antillianen zelf zijn. Zij hebben er last van als ze een baan willen vinden. Die krijgen ze niet omdat gezegd wordt dat ze in de verkeerde groep zitten. Ik zeg dan ook niet kansloos. Want mensen die geen kans hebben moet je juist helpen. Net zoals je Friezen, Limburgers of wie dan ook helpt."
© Gemeente Ljowuert
André Roekiman oan it wurd
André Roekiman komt út de Antilliaanske mienskip en wie earder ien fan de ynsprekkers by de gemeenteried. Hy erkent dat der problemen binne en dat dy ek oanpakt wurde moatte. "Maar dan wel zonder de groep te benoemen. Het kan net zo goed gaan om een andere groep, uit een dorp zoals bijvoorbeeld Grou. Zou je dat specifiek benoemen dan is het hek van de dam."
Roekiman is bliid mei de stipe fan de gemeenteried fan Ljouwert. Dochs wol hy al dat de ried ek ynset op de help oan Antillianen dy't in útkearing oanfreegje. "Die mensen kun je aan werk helpen. Dan kun je ze goed behandelen. Dat moet de insteek worden bij het beleid." Op 25 maart praat de gemeente mei de Antilliaanske mienskip oer de oanpak fan de problemen.