Christiaan Triebert: "Iedereen met een laptop kan meehelpen aan belangrijk journalistiek onderzoek"

Elkenien mei in laptop kin meihelpe by wichtich sjoernalistyk ûndersyk. Dat sei ûndersyksjoernalist Christiaan Triebert woansdeitejûn by IepenUP Live. De âld-Ljouwerter is lid fan it ynternasjonale ûndersykskollektyf Bellingcat, dat iepenbiere boarnen op ynternet brûkt om te achterheljen oft berjochten yn tradisjonele media en op sosjale media wol wier binne.
© Omrop Fryslân
Mei sykmasines, satellytbylden en bygelyks sosjale netwurken, kinne se in hiel soad ynformaasje fine en oan elkoar linke. "Het is heel belangrijk dat zoveel mogelijk mensen dit gaan doen, want dan kunnen er veel meer zaken worden opgelost", sei Triebert.
De ûndersykssjoernalist pleite der ek foar dat mear media sels dit soart 'open source-ûndersyk' dogge. Dit ûndersyk kostet in soad tiid, media sizze faak dat se dêr gjin tiid foar hawwe. "Maar dan zie ik bij de NOS een headline over de scheiding van Wesley en Yolanthe, en dan denk ik: daar heb je dan wel tijd voor? Daar stoor ik me echt aan."
Triebert emigrearret ynkoarten nei Amearika, om te wurkjen as ûndersykssjoernalist by de New York Times.