Kommissaris fan Hartman Beheer stapt nei rjochter om net útbeteljen fergoeding

06 mrt 2019 - 22:13

Ien fan de kommissarissen fan Hartman Beheer út Seisbierrum hat woansdei fia de rjochter besocht har fergoeding feilich te stellen. Mathilda Hartman-Van Ingen waard maart ferline jier beneamd ta kommissaris foar in jierlikse fergoeding fan 120.000 euro, eksklusyf BTW.

It bedriuw Hartman yn Seisbierrum - Foto: Omrop Fryslân, René Koster

Hartman-Van Ingen krige har fergoeding oant novimber útbetelle, mar dêrnei net mear. Neffens Hartman Beheer omdat der finansjele problemen binne, mar neffens Hartman-Van Ingen wurde oare krediteuren wol betelle. Se seit fan it jild ôfhinklik te wêzen foar har libbensûnderhâld. De rjochter docht ynkoarten útspraak yn de saak.

Hartman Beheer hat noch twa kommissarissen, oft dy wol betelle krije is net bekend.

(Advertinsje)
(Advertinsje)