VC Snits ferliest op besite fan Set-Up '65

06 mrt 2019 - 22:10

De follyballers fan VC Snits hawwe woansdeitejûn wer alles op alles setten, mar it mocht net baatsje. Mei 3-1 wie Set Up '65 te sterk foar de Friezen.

Hester Jasper fan VC Snits - Foto: www.orange-pictures.nl

De Snitsers setten de wedstriid goed útein en wûnen de earste set mei 18-25. Yn de twadde set joegen se it spul lykwols alwer út hannen. Dy wûn de tsjinstanner mei 25-19. De tredde set gie der like min oan ta. Ek dy wûnen de Súd-Hollanners mei 25-19. Yn de fjirde set gie it lang lykop en wiene der noch kânsen foar de Snitsers. Mar it mocht net mear baatsje: 27-25. De wedstriid einige dêrmei yn 3-1 foar de tsjinstanner.

Trefwurden: 
follybal VC Snits Set Up '65
(advertinsje)
(advertinsje)