Aris nettsjinsteande sterk slotoffinsyf krekt ûnderút tsjin Dutch Windmills

06 mrt 2019 - 21:55

Aris Ljouwert hat woansdeitejûn yn it Kealledykje ferlern fan de Dutch Windmills. De besikers wiene yn de kompetysjewedstriid mei 73-75 te sterk foar de ploech fan coach Tony Van den Bosch. De Amerikaan Shavon Coleman wie mei 21 punten en 15 rebounds de grutste pleach foar Aris. Griffin Kinney wie mei 23 punten de belangrykste man oan de kant fan de thúsploech.

David Michaels - Foto: www.dijksfotografie.nl

De besikers út Dordrecht kamen goed út de startblokken. Al yn it earste kwart setten de Súd-Hollanners in grutte efterstân foar Aris op it skoareboerd: 14-26.

Yn it twadde kwart kamen de Ljouwerters better yn de wedstriid, mar Aris slagge der net yn de efterstân lytser te meitsjen. It kwart einige yn 22-22 en dus gie de nijkommer yn de Dutch Basketball League it skoft yn mei in foarsprong fan tolve punten: 36-48.

Nei it skoft

Yn it begin fan de twadde helte slagge it beide ploegen net om in protte te skoaren. Aris kaam in lyts bytsje better út de klaaikeamer en slagge deryn de efterstân mei noch fjouwer minuten op de klok yn it tredde kwart werom te bringen ta acht punten: 45-53. De Ljouwerters drukten lykwols net troch en dus stie der mei noch mar ien kwart te gean in stân fan 54-65 op it boerd.

Yn it fjirde en lêste kwart blieken de Ljouwerters noch oer in ekstra foarried enerzjy te beskikken. De oerwinning foar de besikers like al sa goed as wis, mar mei noch 3.51 op de klok kaam Aris werom ta 69-72. Kinney brocht 25 sekonden letter de marzje mei in twapunter sels ta ien punt.

In hektyske slotfaze wie it gefolch, dêr't hast net mear yn skoard waard. Mei noch 2.18 op de klok fergrutte útblinker Coleman de foarsprong fan de Dordrechters nei 71-75. Doe't Nick Masterson mei noch 49 sekonden op de klok mei in twapunter it gat wer twa makke, like in ferlinging deryn te sitten foar de thúsploech. Mar der waard net mear skoard en dus wie de einstân: 73-75.

Achtste plak

Troch de nederlaach stiet Aris mei fjirtjin punten op it achtste plak yn de Nederlânske earedifyzje. De Fryske ploech hat likefolle punten as nûmer sân Feyenoord Rotterdam en twa mear as nûmer njoggen Apollo Amsterdam. In plak by de earste acht jout rjocht op in startbewiis foar de play-offs om it lânskampioenskip.

Kommende sneon stiet foar Aris yn Topsportcentrum Rotterdam de belangryke wedstriid tsjin Feyenoord op it programma.

(advertinsje)
(advertinsje)