Groep Riemer stiet foar dilemma: fierder prate of net?

'Groep Riemer' sil foar kommende wike freed oan SC Hearrenfean en Cees Roozemond witte litte oft se mei harren fierder prate wol. Dat is de útkomst fan in petear dat se woansdeitemiddei hân ha. De groep Riemer bestiet út Riemer van der Velde, âld-bestjoersleden Yme Kuiper, Henk Hoekstra en Tjisse Wallendal en âld-Hearrenfeantrainers Foppe de Haan en Gertjan Verbeek.
Riemer van der Velde, âld-foarsitter SC Hearrenfean © Omrop Fryslân
Sy giene yn petear mei de nije foarsitter Cees Roozemond, Ried fan Kommissarissen-leden Willem Jan van Elsacker en Peter Bazuijnen, Hein Huisman en Rico Jalink fan it Stichtingsbestjoer. Ek Sjoerd Feenstra wie oanwêzich. Hy tsjinne as soarte fan tuskenpersoan.
Ferskate dielnimmers oan dit petear litte witte dat se út elkoar gien binne en allegear foar harsels bepale sille oft se fierder yn petear wolle mei elkoar of net. Guon litte al witte dat se twivelje oer fierdere gearwurking, oaren litte it yn it midden en wer oaren jouwe oan dat it in goed petear wie. Se ha ôfpraat dat se mooglik kommende wike freed wer mei elkoar yn petear sille.

Earst in plan

In soad ferskillende ûnderwerpen kamen oan bod by it petear. De groep Riemer fynt dat der earst in plan komme moat en dat dêrnei pas sjoen wurde moat nei de ynfolling. Se ha no wol útlein wat harren plan is. Sa oerhearsket dan ek it positive gefoel dat se no lang om let ris mei se yn petear west ha. Wol bliuwe se derby dat de proseduere fan de oanstelling fan Cees Roozemond net de goeie west hat.
Oan de oare kant waard it gefoel dield dat guon leden lulk binne oer alle krityk fan de groep Riemer. Sy fine dat dêrmei it Hearrenfean-belang net tsjinne wurdt.
Cees Roozemond © www.orange-pictures.nl
Bysûnder is ek dat Cees Roozemond yn 2013 al hast foarsitter wurden wie fan SC Hearrenfean. Hy soe doe de opfolger wurde fan Robert Veenstra. Leden fan it Stichtingsbestjoer hawwe doe twa kear by Roozemond yn Bergen west.
It wie al hast rûn, Roozemond woe sels wol, mar op it lêste momint foel de kar op Gaston Sporre. De namme fan Sporre kaam doe út de koker fan Riemer van der Velde en it Stichtingsbestjoer gie dêr doe yn mei.

Parseberjocht

Wylst groep Roozemond en groep Riemer tegearre wurken oan in parseberjocht, pleatste Hearrenfean neffens groep Riemer al in berjocht op harren webside. De ferklearring fan de groep Riemer is hjirûnder te lêzen.