Dokkumer muzikant fernielt by fersin keunstwurk fan Herman Brood

06 mrt 2019 - 21:27

Oeps, samar in Herman Brood-keunstwurk fuortpoetst. It klinkt as it plot fan in 'Even Apeldoorn Bellen'-reklame, mar it is it wier barde ferhaal fan Sieberein Schaaf fan Dokkum. Hy kocht yn de jieren 80 in Yamaha-piano fan de manager fan Herman Brood, Koos van Dijk. Mar de piano wie hielendal oerskildere, en dat stie him net oan. Dêrom besleat hy de piano ris in poetsbeurt te jaan...

Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries

"Ik socht healwei de jierren 80 in Yamaha-fleugel. Ik wie yn in muzykwinkel en doe waarden der twa grutte kisten nei binnen ta sjoud", fertelt Schaaf. Doe waard him ferteld dat der krekt sa'n piano yn siet as hy socht, mar dat dy al fersein wie. "Doe sei ik: dan bied ik mear. Ik ha der doe 7.000 gûne foar betelle." Schaaf moast de piano wol meinimme sûnder der earst efkes nei te sjen.

Hy frege oan dejinge dy't de piano nei binnen sjoude, Koos van Dijk, oft de fleugel wol meganysk yn oarder wie. Dat soe sa wêze. "Underweis ha ik de kist efkes iepen hân. Doe begûn ik suver te janken, want hy siet hielendal ûnder de farve, ek de toetsen. Hy wie hielendal ûnderkladdere, der siet ek in bernetekening op. Ik ha der nea by stilstien dat it in keunstwurk wêze koe."

Sieberein Schaaf oer de piano fan Herman Brood

Schaaf hie thús in fleske aseton stean. Dêrmei gie er oan 'e slach en krige hy de piano wer hielendal swart. "Doe kamen der in pear dy't seine; 'wat hast dien?'"De Dokkumer hie foto's fan foar en nei it poetsen makke en dy grutsk sjen litten. "Se hawwe my foar gek ferklearre. Mar ik fûn it gjin keunst. Ik fûn it ferskriklik. Ik ha nea it besef hân dat it wurk fan Brood sa spile."

Schaaf hat noch sa'n fiif jier op de piano spile, mar it ynstrumint wie fierstente swier. Der moast altyd in karre mei om it ding te ferslepen. "Ik ha 'm ferkocht oan in man út Dokkum." Dy man hat der lykwols net in soad wille fan hân, omdat hy al gau ferstoar. "In oantal wiken lyn kaam ik syn frou tsjin. Sy frege oft ik der noch belang by hie, want yn dy tritich jier hie er net fan syn plak west."

Herman Brood - Foto: ANP

"Ik woe 'm net hawwe, mar hy kin in hiel moai plakje krije." Sealen Schaaf hat ynteresse yn de piano. Sy wolle dy it leafst foar kommende freed oernimme, want dan spilet de Wild Romance, de âld-band fan Brood, op dat plak.

De piano wie ek bekend by de fêste pianostimmer fan Brood, Martien van den Oudenalder fan Aldehaske. "Ik ken die vleugel dus wel, gaaf! Heb 'm een paar keer gestemd, maar deze vleugel werd te slecht qua elementen voor Herman zijn werk. Hij heeft toen de Yamaha CP-70 van Joop Kiewiet uit Heerenveen gekocht voor, ik geloof, 7.500 gulden. Ze moesten toen optreden in De Hoeksteen op de Vleesmarkt in Heerenveen. Gek dat je dan die dingen weer te binnen schieten."

(Advertinsje)
(Advertinsje)