Oranjefroulju winne nei strafskoppen fan Sina yn Algarve Cup

06 mrt 2019 - 20:41

De Oranjeliuwinnen, mei de Friezinne Sherida Spitse, hawwe de tredde wedstriid fan de Algarve Cup wûn. Friezinnen Sisca Folkertsma en Loes Geurts sieten op de bank. De ploech fan bûnscoach Sarina Wiegman is dêrmei as alfde einige yn de Algarve Cup. Nei de reguliere spyltiid stie it 1-1, mar de Nederlânske froulju diene it better yn de strafskoppesearje. Yn it Portugeeske Parchal waard it 4-2.

Foto: EPA

De wedstriid sette goed útein foar it Nederlânske team. De earste kâns fan de wedstriid wie foar Oranje. Nei goed trochgean fan Lieke Martens krige Vivianne Miedema de bal yn it strafskopgebiet, mar har ynset waard tsjinhâlden troch de keeper. Nei in healoere krigen se wer in kâns. Doe kopte Miedema fan in corner fan Spitse út, mar dy bal kaam fia de latte werom it fjild yn. De Nederlanners, mar ek de Sinezen, krigen dêrnei noch ferskate kânsen, mar dy giene der net yn.

Krekt foar it skoft slagge Miedema der lykwols wol yn om te skoaren, troch in goede aksje fan Lineth Beerensteyn.

Twadde helte

De Sinezen kamen goed út de klaaikeamer en net folle letter brocht Yao Wei de tsjinstanner fan Oranje op likense hichte: 1-1. Ek yn de twadde helte giene ferskate ballen der hast yn, mar waard der net mear skoard. Doe't de 90 minuten foarby wiene, waard der dêrom oergien op strafskoppen.

De earste strafskop fan de Oranjeliuwinnen wie fuortendaliks raak. De Sineeske ploech sette net goed útein, mar wist wol de twadde yn it net te krijen. Uteinlik waard it 4-2.

(Advertinsje)
(Advertinsje)