LIVE: Bellingcat-sjoernalist Christiaan Triebert yn IepenUP

06 mrt 2019 - 19:41

Ljouwerter en wrâldboarger Christiaan Triebert jaget mei syn sjoernalistike wurk foar ûnder oare Bellingcat en de New York Times mannich rezjym en oarlochsmisdiedigers eangst oan. Hy reizget de hiele wrâld oer en lost sa ynternasjonale en politike fraachstikken op. Jûn is er yn IepenUP en fertelt er oer syn wurk, reizen en de takomst fan de sjoernalistyk.

Triebert wie belutsen by de sjoernalistike ûndersiken nei MH17 en de fergiftiging fan de Russyske spion Skripal. Foar it wrâldwiid aktive Bellingcat, in online kollektyf fan sjoernalisten, siket hy sociale media, YouTube en Google Earth ôf om de meast komplekse wrâldkonflikten te ûntraffeljen.

Alle woansdeis stean yn it programma de aktualiteiten yn de wrâld sintraal. Hoe libje wy mei ús allen, hokker subgroepen meitsje dêr diel fan út en hoe soargje wy derfoar dat wy inoar faker moetsje en better begripe? Dat binne saken dy't oan bar komme yn IepenUP.

Elkenien kin oanwaaien komme en meidwaan oan de diskusjes yn kafee De Backstage yn poppoadium Neushoorn. It programma set alle woansdeis om 20.00 oere útein en is te folgjen op Omropfryslan.nl, yn de Omrop-app en op de Facebookside fan Omrop Fryslân. Mear ynformaasje oer IepenUP is te finen op de Facebookside. IepenUP is in inisjatyf fan Omrop Fryslân, Tresoar en Neushoorn Café en LF2018.

(Advertinsje)
(Advertinsje)