Earste Fryske jongeren yninte tsjin meningokokken yn Wolvegea

06 mrt 2019 - 19:06

Tsientallen jongeren tusken de 14 en 18 jier binne woansdei yn sporthal De Steense yn Wolvegea faksinearre tsjin meningokokken. It is it startsein fan in kampanje fan de GGD. Dy hat 34.000 Fryske jongeren oproppen om in prik te heljen. It ministearje fan Folkssûnens kaam ta de faksinaasjekampanje trochdat it oantal ynfeksjes mei meningokokken type W tanimt.

De Ryksoerheid hat sjoen dat der in stiging is fan it oantal gefallen fan meningokokken W. Foardat him dat fierder ferspriede kin, is de wichtichste leeftiidsgroep oproppen. "Wy sjogge dat it faksinaasjepersintaazje aardich heech is. Dêr binne wy hiel bliid mei. Hoe mear der beskerme binne, hoe better de sykte tsjin te hâlden is", fertelt Margreet de Graaf fan de GGD.

"We hebben tot nu toe in het najaar van vorig jaar tweederde van de jongeren vanaf 14 jaar opgeroepen en daarvan is 89,2 procent verschenen om de vaccinatie op te halen. Daar zijn we redelijk tevreden over. Hoe het dit voorjaar met de andere leeftijdsgroepen en het totaal van de 34.000 jongeren gaat, zullen we afwachten", seit Jeannette Provoost, projektlieder fan de kampanje.

Guon bern hawwe der goed oer neitocht wêrom't se dy prik no krekt wolle. "Ik vind het best wel belangrijk. Ik wil niet het risico nemen dat het me toch overkomt", fertelt se. "Alle meisjes uit m'n klas doen mee."

(advertinsje)