Sliepproblemen troch skermgebrûk: "Met name dat uur voor het slapengaan, geeft klachten"

06 mrt 2019 - 18:16

Jongeren dy't elke jûn op in byldskerm sjogge foardat se sliepen gean, hawwe mear sliepproblemen as leeftiidsgenoaten dy't dat net dogge. Dat docht bliken út ûndersyk ûnder goed 1.300 jongeren troch ûnder mear it Ryksynstitút foar Folkssûnens en Miljeu (RIVM), mei help fan de noardlike biobank Lifelines. It binne dúdlike sifers, ûnder de jongerein fan 13 oant 18 jier bygelyks, brûkt goed 83 persint elke jûn in ljochtjaand skerm.

Foto: Omrop Fryslân

Susan Jansen fan it RIVM hat meiwurke oan it ûndersyk. "Het allerbelangrijkste wat we nu zien, is dat het schermgebruik in de avond bij jongeren ook echt slaapproblemen geeft. We hebben ook gezien dat je die problemen kan verkleinen door minder schermen te gebruiken of door een brilletje op te zetten dat het blauwe licht tegenhoudt", fertelt se. It giet dan om tillefoans, mar ek om tablets en kompjûters.

Skermen binne net mear fuort te tinken. Ek op skoallen wurde se hieltyd mear brûkt. "Wat we ook zien, is dat in de avond de schermen veel worden gebruikt, nog tot vlak voor het slapen gaan. Met name dat uur voor het slapengaan, geeft klachten."

Susan Jansen fan it RIVM

Foar it ûndersyk hat it RIVM gebrûk makke fan Lifelines om in grutte groep jongeren te berikken. "We hebben een extra vragenlijst meegestuurd, waardoor we veel jongeren konden bereiken. Ook jongeren die het gewend zijn om dit soort vragenlijsten in te vullen en mee te doen aan onderzoek."

Der binne in soad oerienkomsten tusken de jongerein en de âlderein. Ek de âlderein hat sliepklachten troch skermgebrûk, mar wol minder. "Dat heeft waarschijnlijk te maken met het feit dat ze andere schermen gebruiken. Ze kijken bijvoorbeeld meer tv en ze hebben een ander slaappatroon. Het is niet zo dat zij vlak voor het slapengaan een scherm gebruiken."

Anneke Buurman, sliepterapeut by Tigra

Ek Anneke Buurman, sliepterapeut by de sûnensorganisaasje Tigra yn Ljouwert, fernimt yn de praktyk dat de skermkes skealik binne. "Er komen erg veel slaapproblemen bij jongeren voor. Slaap is belangrijk om te herstellen, zowel voor je lijf als voor je hersenen. Doordat ze zo lang met schermen bezig zijn en te weinig slapen, heeft dat negatieve gevolgen voor hun gezondheid."

Dan giet it bygelyks om wurgens, minne konsintraasje en mindere prestaasjes op skoalle. Mar wat is no krekt sûn sliepgedrach? "Dat is dat je zeker een uur of soms langer voordat je gaat slapen je prikkelarm wordt, dat je je apparaten uitzet en rustig naar bed gaat en dat je dan een aantal uren ligt. Regelmaat is belangrijk."

(Advertinsje)
(Advertinsje)