Iepensteande fakatueres yn de soarch ferdûbele: wat no?

It tal iepensteande fakatueres yn de soarch yn Fryslân is yn de ôfrûne sân jier ferdûbele, neffens sifers fan it CBS. Op dit stuit binne der sa'n 800 fakatueres dy't net ynfolle binne. Troch de hege wurkdruk binne der net genôch minsken dy't yn de sektor wurkje wolle en dat soarget foar in noch hegere wurkdruk.
Petear FH soarchwike
Ferline jier hat Omrop Fryslân hjir oandacht foar hân yn in aksjewike om de soarch in ekstra ympuls te jaan. No is de fraach: hat it holpen? Tagelikertiid ûntsteane yn de provinsje inisjativen om dochs de fakatueres yn te foljen.
Ien dêrfan is it opliedingstrajekt 'Op Stap'. In opliedingstrajekt foar wurkleazen, statushâlders en minsken dy't in oplieding folgje wollle. Soe dit de oplossing wêze foar it tekoart?
Ida Grasdijk, direkteur fan ZorgPleinNoord, fynt dat it imago fan wurkjen yn de soarch noch net ferbettere is. "Mensen hebben nog steeds een verkeerd beeld over hoe het is om te werken in de zorg. Dit kun je ook nog zien aan de openstaande vacatures. Dat was in het afgelopen jaar meer dan 3000."
Mar dit betsjut net dat de wike fan de soarch en wolwêzen neat opsmiten hat. Talant jout oan dat se nei oanlieding fan it speeddaten op de banemerk 45 minsken oannaam ha en de wike hat ek ZuidOostZorg 65 kandidaten opsmiten foar it ynfoljen fan fakatueres.
© Omrop Fryslân

Net genôch oandacht

Marcel van der Meulen fan soarchynstelling Patyna wol twa problemen mei ien projekt oplosse: it tekoart oan minsken yn de soarch en de tûzenen minsken dy't sûnder wurk sitte in kâns jaan. Hy komt oarspronklik út it bedriuwslibben, mar koe dêr net syn aai kwyt en sa kaam hy yn de soarch terjochte.
Wurk dat neffens him hiel tankber is, mar hy sjocht dat der hieltyd minder oandacht is foar de minsken. "Ik seach dat kliïnten hieltyd mear iensum wiene om t se net genôch oandacht krigen. Dêrneist wurdt it wurk fan myn wurknimmers hieltyd swierder." Hjirtroch ûntstiet in soad spanning en dêr moast wat oan gebeure tocht Van der Meulen.
© Omrop Fryslân

Tweintich kursisten

Mar hy hat no it idee dat er foar alle partijen de oplossing fûn hat: it opliedingstrajekt Op Stap. Yn it ôfrûne jier ha tweintich dielnimmers in ynterne-oplieding folge binnen Patyna. Se ha staazje rûn en binne begelaat troch wurknimmers dy't al in soad ûnderfining ha. In pear wike lyn ha se harren diploma krigen en binne se oan it wurk.
Ien fan harren is Marijke Bloem fan 54 jier. Har hiele libben hat se in soad ferskillende baantsjes hân, fan skjinmeitsje oant yn de hoareka. "Ik rûn alle kearen tsjin itselde probleem oan: te min oeren en net genôch jild foar in oplieding. Meardere kearen ha ik by it UWV west om te sjen oft ik in oplieding dwaan koe, mar it is nea slagge."
Ik kijk naar deze mensen en denk: zij hebben hun strepen al gehaald en nu is het tijd dat er voor hun gezorgd wordt.
Marijke Bloem, dielnimmer Op Stap
Meisjen mei Marijke Bloem

It wolwêzen fan de kliïnten

Doe kaam it projekt Op Stap op har paad, nei in jier lang oplieding krige se in pear wike lyn har diploma. "Het is zulk dankbaar werk. Ik kijk naar deze mensen en denk: zij hebben hun strepen al gehaald en nu is het tijd dat er voor hun gezorgd wordt."
Marijke Bloem kin yn it wurk oars ynset wurde as oare fersoargjenden. Har taak draait echt om it wolwêzen fan de kliïnten. "Dat kan van alles zijn. Ze vinden het al fijn dat ik de tijd neem om even op een stoel ga zitten om met ze te praten. Verpleegkundigen hebben hier toch minder of geen tijd voor. Maar ze vragen ook of we een stukje kunnen wandelen of om boodschappen te gaan."
© Omrop Fryslân

Mear ynteresse as nije opliedingsplakken

Marijke Bloem sjocht no, yn dizze pear wike tiid, ek al ferskil by de minsken. "Op mijn afdeling zat een vrouw bijvoorbeeld wat in de dip. Dit hebben we besproken en ik mocht toen wat meer tijd met haar besteden. Nu doet ze weer mee aan dagbesteding en voelt ze zich een stuk beter. Het idee dat je verschil maakt maakt dit werk wel extra leuk!"
Foar it twadde opliedingstrajekt fan Op Stap ha sa'n 40 minsken harren opjûn, wylst der mar 24 plakken beskikber binne, seit van der Meulen. "Dêrneist bin ik mei it Op Stapkonsept troch it hiele lân reizge en der is in hiel soad ynteresse foar. Soarchfersekerder De Friesland begjint bygelyks mei inselde projekt yn april mei 50 opliedingsplakken."
De wike fan de soarch is takom wike fan 11 oant en mei 16 maart. Sjoch hjir foar mear ynformaasje.