Helmholt wint mei skânsrekôr

01 jul 2012 - 16:41

Bart Helmholt hat it fierljeppen yn Bûtenpost wûn mei 20.30 m. It âlde skânsrekôr fan Thewis Hobma (20.24) út 2009 is dêrmei út de boeken ljept. Helmholt hat no al alle sân skânzen yn Fryslân it rekôr op syn namme. Thomas Helmholt waard mei in spektakulêre sprong (19.70) twadde, foar Nard Brandsma mei 18.20 m.

By de junioaren wûn Sytse Bokma út Hylpen mei 17.47 m. Bobby Zwaagman fan Drylts wie foar de fjirde kear de sterkste by de jonges: 17.01. By de froulju gie de deititel neiu Hiske Galama. De regearjend Frysk kampioene kaam ta 14.81 m.

(Advertinsje)
(Advertinsje)