FIDEO: Krityk op nije SC Hearrenfean-direkteur Roozemond
De krityk op de oanstelling fan Cees Roozemond as de nije algemien direkteur fan SC Hearrenfean komt fan alle kanten. Supporters, âld-bestjoersleden en sponsoaren, lang net elkenien kin him fine yn dat Roozemond no by SC Hearrenfean op de direkteursstoel sit. Yn Fryslân Hjoed praat Sytse Bouwer, de eardere direkteur fan GroenLeven, de haadsponsor fan SC Hearrenfean oer Roozemond.