Heemschut komt yn aksje foar lêste ambachtskoalle Ljouwert

06 mrt 2019 - 17:14

De âlde Christelijke Lagere Technische School oan de Cornelis Trooststrjitte moat in gemeentlik monumint wurde. Dat fynt Heemschut, in feriening dy't striidt foar it behâld fan erfgoed. It kompleks is de lêste LTS yn Ljouwert.

Ambachtsskoalle Ljouwert - Foto: Erfgoedvereniging Heemschut

Feriening Heemschut is benaud dat it eardere gebou fan de ambachtsskoalle itselde oerkomt as de LTS oan de Nijlânsdyk: sloop. It kompleks efter de Cornelis Trooststrjitte is de lêste LTS fan Ljouwert. Nettsjinsteande de plannen fan de gemeente Ljouwert om de LTS as kreatyf plak te behâlden, is Heemschut ûngerêst. In soad skoallen binne yntusken ferdwûn, ek yn Ljouwert. De erfgoedferiening wol no in gemeentlik monumint fan it kompleks meitsje.

Briedplak foar keunst

Op dit stuit is it kompleks foar de gemeente in briedplak foar keunstners. Anty-kreak-behearder CareX ferhiert it, de romten wurde ûnder oare brûkt troch 30 keunstners fan Floris Venster Ateliers. Mei stifting De Oude Ambachtsschool wol dizze groep it gebou nuttich brûke. Ek foar LF2018 sieten der projekten yn de skoalle fêstige.

Yn 2013 wiene der plannen fan stifting De Oude Ambachtsschool, it wykpanel en arsjitekt Johan Sijtsma om 50 hûzen en in atelier te bouwen op it plak fan de LTS. Dat is der lykwols nea fan kaam.

Weardefolle bou

Bouhistoarikus Maarten de Graad mient nei in ferkenning dat sawol it ynterieur as it eksterieur in monumintale wearde hawwe. De ynrjochting fan it technysk ûnderwiis yn in teory- en praktykdiel is noch hielendal oanwêzich. Benammen it haadgebou mei de kezinen, de gevelbeklaaiïng en de lokalen mei saneamde seagetak-dakken hawwe in hege kultuerhistoaryske wearde.

Bysûnder is dat it ynterieur noch foar it grutste part orizjineel is. It âlde treppehûs en de oarspronklike tegelflierren binne der noch. Inkeld in keunstwurk fan Jentsje Popma is in oantal jier ferline ferhûze.

De CLTS waard yn 1959 boud yn trije dielen: in haadgebou oan de Cornelis Trooststrjitte, in praktykdiel oan de Breitnerstrjitte en in gymnastyklokaal oan de Dirk Boutstrjitte. Yn de jierren '60 wreide de skoalle út mei praktyklokalen, in twadde gymlokaal en in tredde ferdjipping fan it haadgebou. De oanlis is typysk foar de neioarlochske perioade en karakteristyk foar LTS-gebouwen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)