Man yn Wâldsein rekket mei foet yn de grûnfrees

06 mrt 2019 - 17:00

By jachthaven De Rakken yn Waldsein is woansdeitemiddei in man mei syn foet yn in grûnfrees bedarre en ferwûne rekke. Hoe't dat gebeure koe, is noch net bekend.

Foto: Kappers Media

De traumahelikopter waard oproppen om help te ferlienen. Ek de plysje en de ambulânse ferlienden help. It slachtoffer is nei it sikehûs brocht.

(advertinsje)
(advertinsje)