Kabelnoord hellet 61 persint oanmeldingen foar glêsfezel yn Weststellingwerf

06 mrt 2019 - 16:50

Fan de hûshâldens en bedriuwen yn it bûtengebiet fan Weststellingwerf hat úteinlik 61 persint him oanmeld foar glêsfezel fan Kabelnoord. Dat meldt Kabelnoord op de eigen website. Earder waard al bekend dat Kabelnoord it oanlizzen fan glêsfezel trochset, mar doe waard noch gjin iepenheid jûn oer it oantal oanmeldingen.

Glêsfezel ynternet - Foto: Shutterstock.com

It grutst is de animo yn Nijlemmer, Teridzert en De Hoeve, dêr leit it persintaazje boppe de 80 persint. Yn Pepergea en Slikenboarch wurdt mar 29 persint helle, mar ek dêr wurdt it netwurk gewoan oanlein.

Foar it earst binne yn Weststellingwerf twa bedriuwen dy't glêsfezel oanlizze wolle. Konkurrint Glasvezel Buitenaf set ek gewoan troch. Dit bedriuw hie twivels by it oantal oanmeldingen fan Kabelnoord, mar jout sels gjin helderheid oer de sifers. Sy hâlde it op 'in moai oantal oanmeldingen'.

(Advertinsje)
(Advertinsje)