Bouplan yn De Broek by De Jouwer: noch altyd juridyske striid

06 mrt 2019 - 16:45

De juridyske striid oer it bouplan yn De Broek by De Jouwer is noch net foarby. Dat docht bliken út in útspraak fan de Raad van State. Dêryn gong it oer fjouwer beroppen tsjin it bouplan. Trije dêrfan binne ôfwiisd, mar de Raad van State wol in fjirde berop noch better besjen.

It gebou fan de Raad van State yn Den Haag - Foto: Wikipedia, Creative commons

Dat giet oer in plan om in nije wenning en skuorren fan mei-elkoar 700 kante meter oan de Plústerdyk te bouwen. Dêroer folget letter dit jier noch in rjochtsaak.

Begjin dit jier die by de behanneling fan de saak bliken dat de gemeente it bouplan mooglik ûnterjochte goedkard hat. It bouplan giet oer 700 kante meter, wylst yn de strange feroardening Romte Fryslân stiet dat dat mar 300 kante meter wêze mei.

(Advertinsje)
(Advertinsje)