Advysried Ljouwert kreaket besuningsmaatregels jeugdsoarch

It is net dúdlik wat de gefolgen binne fan de besunigings op de jeugdsoarch yn Ljouwert. Dat skriuwt de Adviesraad Sociaal Domein (ASD) yn in brief oan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders fan Ljouwert. Der moat 4 miljoen euro besunige wurde mar it is de advysried net dúdlik wat it effekt dêrfan is.
© Shutterstock.com
Advysried kritysk oer plannen
De gemeente Ljouwert wol de kommende jierren de jeugdsoarch oars ynrjochtsje. Sa moat der in saneamd ekspertteam komme. Dat toetst oft bern yn oanmerking komme foar in bepaalde foarm fan soarch en ferwiist troch. De advysried freget him ôf wat de wearde fan sa'n team is. Benammen om't der binnen de wykteams ek minsken rûnrinne dy't der doel oer ha. Medysk spesjalisten jouwe ek ferwizings ôf.
De fraach is ek, sa skriuwt de ASD, oft dit wol past yn it belied fan de gemeente Ljouwert om foar ien húshâlding ien oansprekpunt te hawwen. De advysried fynt dat dit krekt it útgongspunt wêze moat. Dat húshâldings net oerrûn wurde moatte troch in ferskaat oan helpjouwers.
Soargen oer útfiering besunigings
De advysried is benaud foar de útfiering fan de foarstelde besunigings. Sa hat it ferline útwiisd dat benammen op personielskosten besparre waard. It nivo fan de soarch giet dan krekt efterút, sa skriuwt de ASD. De ried hat der dan ek gjin fertrouwen yn dat it oanbod fan foarsjenningen foar de meast kwetsbere ynwenners tarikkend is.
Fierder tinke sy dat it tal plakken der't bern opfongen wurde kinne ôfnimme sil troch dizze wize fan besunigje. De ried fynt dat der yngreven ûndersyk komme moat nei wêr't krekt de hege kosten sitte.
Foar in húshâlding bliuwt ien helpjouwer
Yn in reaksje skriuwt de gemeente dat de besuniging fan 4 miljoen euro helle wurde moat troch in 'samenspel van maatregelen'. It útgongspunt fan ien húshâlding, ien helpjouwer bliuwt oerein, sa stiet yn de reaksje.
De gemeenteried fan Ljouwert praat woansdeitejûn oer de takomst fan de jeugdsoarch yn de gemeente.
De Adviesraad Sociaal Domein jout frege en net-frege advys oan de gemeente Ljouwert. De ried bestiet út minsken dy't doel ha oer de soarch of der mei te krijen ha.