Sietske Poepjes en Esther de Lange gean de striid oan yn bakbattle

Deputearre Sietske Poepjes joech harsels in skoftke lyn op foar it tv-programma Heel Holland Bakt. Se moat noch troch de seleksje komme, mar as se meidwaan mei, dan moat se fansels de bêste tarieding krije dy't der is. En wa kin har no better alle knepen fan it fak leare as sjefkok Reitse Spanninga? Hy organisearre in saneamde 'bakbattle'. Poepjes sil dêryn de striid oangean mei CDA-Europarlemintariër Esther de Lange, dy't ek graach bakke mei.
Sietske Poepjes © Omrop Fryslân
Foar it radioprogramma Sneon yn Fryslân betinkt Poepjes eltse wike in resept. Se is yn har frije tiid in fanatyk bakker en wol no besykje hiel Nederlân sjen te litten dat se in poerbêste taartbakker is. De Lange set ek alle wiken in foto fan in baksel online. Doe't sy en Poepjes yn jannewaris beiden in Battenberg cake makken, woe Spanninga dêr wat mei dwaan. Sa betocht hy de bakbattle, in soarte fan Fryske bake-off!
"Doe't ik dat hearde, ha ik earst mar efkes ynformearre. Ik tocht: wat makkest no en hokker ûnderfining hasto? Doe krige ik plaatsjes te sjen: dy baksels kinne fuortendaliks op 'e tafel by Janny en Robèrt (sjueryleden by Heel Holland Bakt, red.) as spektakelstik. Geweldich!", fertelt Spanninga entûsjast.
Sietske Poepjes en Reitse Spanninga fertelle oer de bakbattle
Neffens him moat Poepjes lykwols noch wol wat oefenje, want foar ien fan har cakes hie se twa dagen nedich. En sa'n soad tiid is der fansels net yn de tinte fan Heel Holland Bakt. Dêrom betocht Spanninga de bake-off foar de twa 'bakkeninginnen'.
Wie der wat konkurrinsje tusken de twa politika by de bakbattle? "Der wie absolút konkurrinsje. Ik tocht altyd dat ik de iennichste wie yn ús partij dy't dit koe, mar neat wie minder wier. Esther is ek hiel betûft yn it bakken, foaral mei hiele aparte smaakjes, lykas lekkere likeurtsjes", fertelt Poepjes.

"It binne giechelbakjes"

De twa moasten in miny-spektakelstik meitsje. Poepjes gie foar 'red velvet cupcakes' en De Lange makke sitroencakejes. Sjefkok Spanninga wie dêrby fansels oanwêzich as sjuery. "It binne giechelbakjes. It bakken gie ek hartstikke goed. Kinst sjen dat der ûnderfining yn sit. Mar der binne altyd wol lytse dinkjes", fertelt er.
Elkenien wol fansels witte wa't der wûn hat. Dêr wol Spanninga noch gjin útspraken oer dwaan. "Ik moat sizze dat Esther hiel goed neitocht hat oer de fantasy, ek mei it Europeesk Parlemint." Har cakejes wiene nammentlik blau mei stjerkes. "Sietske wie net minder. Sy hie it read fan de Fryske flage."
© Twitter Sietske Poepjes
Neffens Spanninga is Poepjes lykwols noch net klear foar Heel Holland Bakt. "Ik bin bang dat Reitse dêr gelyk yn hat, want hy hat my hiel bot holpen. Under tiidsdruk mei in kamera derop wurkje, is hiel wat oars as sneontemiddei mei in gleske wyn yn dyn eigen keuken stean. Ik kin wol wat moais meitsje, mar dêr nim ik dan de tiid foar. Dat kin fansels net", seit Poepjes.
In goeie tip dy't se meikrige, is dat se ris yn in oare keuken bakke moast as har eigen. "Mar der moat noch hiel wat barre, wol ik net ôfgean op nasjonale telefyzje."