Njoggen moanne jeugddetinsje foar Dokkumer dy't 18-jierrige frou mishannele

In 22-jierrige man út Dokkum is woansdei troch de rjochtbank yn Ljouwert feroardiele ta njoggen moanne jeugddetinsje foar it mishanneljen fan in 18-jierrige frou. Dat barde yn de nacht fan 1 july ferline jier op de Markt yn Dokkum.
© Omrop Fryslân
Neffens de rjochter hat de man him skuldich makke oan it besykjen ta deaslach. Hy hie earder op 'e jûn al wurden hân mei de frou, en dat rûn letter nachts út de hân. Nei't er har tsjin de grûn slein hie, skopte hy har meardere kearen tsjin de holle.

Ferstanlike beheining

De Dokkumer hat in ferstanlike beheining en dêrom lei de rjochtbank jeugddetinsje op. Ek moat er it slachtoffer 375 euro betelje.