Nije ynfolling kultureel sintrum Balk ûnwis, wurkgroep jout opdacht werom

De plannen foar in nije ynfolling fan 't Haske yn Balk lizze foarearst stil. In pleatslike wurkgroep dy't dwaande is mei in nije takomst fan it monumintale gebou hat de opdracht weromjûn oan de gemeente.
Takomst 't Haske Balk ûnwis
It eardere kultureel sintrum wurdt sûnt oktober ferline jier net mear brûkt. De frijwillige behearder dy't it sintrum jierrenlang draaiende hâlde, hat him weromlutsen en opfolger of ferfanger is net fûn.
Der wiene by de wurkgroep en de gemeente De Fryske Marren in soad ideeën foar in nije ynfolling, mar de frijwilligers om dêr mei oan de slach te gean, wiene der net.
Josha de Vries fan Pleatslik Belang Balk Foarút
De takomst fan 't Haske wurdt no meinaam yn it gruttere sintrumplan foar Balk. Oant dat klear is wol de gemeente it gebou op tydlike basis ferhiere.
© Omrop Fryslân, Wytse Vellinga