Tydlik ekstra bussen tusken Harns-Ljouwert fanwege treinfernijing

Reizgers tusken Harns en Ljouwert kinne fan moandei ôf mei ekstra bussen hinne en wer. Ien fan de treinen fan Arriva wurdt fernijd, dêrom is de trein moarns fan tsien foar achten moarns minder lang as normaal. De ferfierder kompensearret dit mei de ekstra bus, dy't ek troch trochrydt nei hegeskoalle NHL Stenden.
© Omrop Fryslân, Gerrit de Boer
Aksje tsjin te drokke treinspits
Ta dizze maatregel is besletten yn oerlis mei provinsje Fryslân. Sa moat de ferfierder foarkomme dat it fierstente drok wurdt yn de trein. De ekstra bus reizget moarns om ûngefear tsien foar achten ôf fan stasjon Harns en docht der ûngefear in healoere oer om nei it stasjon yn Ljouwert te riden. Tsien minuten letter moat de bus by NHL Stenden wêze.
Treinen duorsum fernijd
De ekstra bus wurdt ynset oant en mei 26 april. Arriva hâldt it treinferfier op de regionale spoarlinen yn elts gefal oant 2035, dat hawwe Fryslân, Grinslân en Niedersachsen (yn Dútslân) twa jier lyn bepaald. Yn dizze oerienkomst stiet ek dat it ferfier duorsumer moat.
Op dit stuit wurket Arriva oan it fernijen fan de treinen yn it Noarden. Sy krije net allinne in nije bûtenkant, mar ek nije batterijpakketten. Sa moat it iepenbier ferfier yn de takomst op in duorsume wize fersoarge wurde.