Nij track-and-tracesysteem lit produksjeproses fan ûntwerper Moniek Miedema sjen

06 mrt 2019 - 15:12

Moade-ûntwerpster Moniek Miedema út Wurdum komt mei in kolleksje duorsume klean én in nij bypassend track-and-tracesysteem dat sjen lit wêr't de klean makke binne, hoe't se makke binne, troch wa en fan watfoar stoffen oft it makke is.

Argyffoto - Foto: Omrop Fryslân

Doe't se tolve jier lyn begûn, wie se ek al duorsum dwaande. "Ik fûn it freeslik om te sjen hoe't it personiel it yn de fabriken hie. No is it hip, mar ik ha altyd earlik produsearre." Dat proses fan klean meitsjen wol se ynsichtlik meitsje.

Hoe kinne dyn keapers checke wêr't dyn klean weikomme?

"It track-and-tracesysteem is op de smartphone te folgjen fia in fergeze QR-koade. Dan komst by in fotoboek op de webside byoni.design. Dêr kinst op de namme fan bygelyks de jurk sykje en dan sjochst wa't de naden naaid hat, wa't de kraach stikt hat en sels wa't de jurk nei de winkel brocht hat."

Moniek Miedema

Wêr binne dyn klean fan makke?

"Hast alle klean binne fan fiskose, en as we wol polyester brûke dan keapje wy dy by in Italiaansk bedriuw dat ûnder oare ek plastic recyclet en dêr dan kwaliteitsstoffen fan makket. En by de skuon en tassen brûke we gjin materiaal fan bisten lykas alpaka en knyn. En we brûke ek gjin dûns."

Wêr wurde dyn klean makke?

"Il lit safolle mooglik tichtby hûs meitsje, sa'n 15 persint yn Ljouwert, mar ek by famyljebedriuwen yn Grikelân. Koartsein gjin ûnkontrolearbere lannen mei berneproduksjes of ûnderbetelle froulju."

Wat dogge jim mei de klean dy't oerbliuwe?

"Dy jouwe we oan earme froulju dy't wol wat stipe brûke kinne lykas by skiedings, mar ek gewoan kado oan flechtlingen. Der wurdt yn alle gefallen neat fuortsmiten of ferbaarnd."

De kolleksje hinget fan july yn ien fan de seis winkels.

(Advertinsje)
(Advertinsje)