Krúsweikuier troch Snits lit minsken neitinke oer ferbûnens

06 mrt 2019 - 13:53

Minsken dy't in protte yn it sintrum fan Snits komme, kinne der op it stuit net om hinne: de skilderijen fan Jezus. Troch de hiele stêd binne 14 staasjes te sjen, mei it lijen fan Jezus dêrop ôfbylde. De 40-dagetiid is woansdei úteinset en dêrom kinne minsken troch de stêd in Krúsweikuier dwaan.

Krúsweikuier troch Snits lit minsken neitinke oer ferbûnens

Mear as hûndert dielnimmers diene woansdeimoarn mei oan de Krúsweikuier troch it sintrum fan Snits. Op in spesjale rûte troch de stêd binne oant peaskesneon 14 staasjes pleatst, portretten dy't de lijenswei fan Jezus útbyldzje. De staasjes binne makke nei foarbyld fan de orizjinelen yn de Sint Martinustsjerke.

Foto: Omrop Fryslân, Bauke Deelstra

It wurd staasje komt fan it Latynske statio, wat stean of stilstean betsjut. By elts skilderij op de rûte stiet in stik tekst as oertinking. It moat besikers neitinke litte oer wat de lijenswei fan Kristus betsjutte kin foar minsken.

Neffens pastoar Van der Weide soarget it foar ferbûnens en lit it minsken tinke: "Hoe zijn wij als mens? Hoe gaan wij met het leven om? Hoe staan wij in verbondenheid met de medemens?" Op dizze wike kinne minsken troch Snits rinne. Startpunt is it Bonifatiushûs en de rûte einiget by de Martinitsjerke.

Foto: Omrop Fryslân, Bauke Deelstra

Kin soks yn Snits?

De kuier is in inisjatyf fan de katolike Sint Antonius fan Paduaparochy. Renate Dümmer wist dat der yn Volendam ek sa'n tocht bestiet. Kin soks ek net yn Snits, frege sy har ôf. Pastoar Peter van der Weide fûn fan wol. Hy hat in programmaboek skreaun, dy't as in soarte gids mei plattegrûn fungearret.

Hielendal nij wie it net foar Van der Weide: "Op Goede Vrijdag wordt de kruisweg ook gelopen, maar dan langs schilderijen binnen de kerk. Elk jaar probeer ik bij die staties een soort meditatie te creëren."

Bauke Deelstra rint mei yn Snits

Foto: Omrop Fryslân, Bauke Deelstra
(Advertinsje)
(Advertinsje)