Fryske fans sykje ferhalen oer konserten fan Bruce Springsteen foar in boek

06 mrt 2019 - 13:44

Unike en bysûndere ferhalen oer konserten fan Bruce Springsteen yn Nederlân. Dat is wêr't twa Fryske fans nei op syk binne. Pieter de Boer en Freddy Scheltema skriuwe in boek oer de Amerikaanske sjonger.

Foto: ANP

It projekt is betocht toch twa freonen, dy't harren sels as échte fans fan Springsteen sjogge. De Boer en Scheltema besykje oer elts konsert dat Springsteen yn Nederlân hâlden hat in bysûnder ferhaal te finen fan minsken dy't der by wiene. De Boer sels wie acht kear by in konsert yn Nederlân: "Ast dat ienkear meimakke hast, wolst noait mear oars. Dan bist hooked en fuort fan."

25 konserten yn 45 jier

De earste kear dat Springsteen yn Nederlân wie foar in optreden, wie op 23 novimber 1975 yn de RAI yn Amsterdam. Takom jier is dat 45 jier lyn, foar Pieter de Boer en Freddy Scheltema reden genôch om in boek te skriuwen oer de 25 konserten dy't 'The Boss' yn de tuskenlizzende jierren yn Nederlân joech. Oft it slagget om yn 2020 alle ferhalen byinoar te krijen, wit De Boer noch net.

It is suver entûsjasme fan De Boer en Scheltema. "Mei deselde passy krijst de moaiste ferhalen." Sa is it plan foar in boek ek ûntstien. De Boer: "Wy sitte noch wolris oan in pilske, dan komt der sa'n idee boppe tafel."

Scheltema skriuwt it boek

It boek wurdt skreaun troch Freddy Scheltema, in freon fan De Boer dy't romanskriuwer is. Yn 2010 wie syn earste boek 'De reüny' klear, dêrnei skreau hy noch trije boeken. Yn 2014 wie syn boek 'De keet fan Annawâld' ien fan de nominaasjes foar de Rink van der Veldepriis.

Pieter de Boer

Om 25 unike anekdoates te finen oer Nederlânske konserten fan Springsteen, siket Pieter de Boer noch ferhalen. Tips kinne minsken stjoere nei: pieterhdeboer@gmail.com.

(Advertinsje)
(Advertinsje)