Soad folk op lêste dei museum

01 jul 2012 - 16:28

De alderlêste dei fan it Frysk Museum op de Turfmerk yn Ljouwert hat snein hûnderten minsken lutsen. It wie noch ien kear drok yn de âlde gebouwen foardat de doarren definityf op slot giene. Oer rom in jier giet it nije Frysk Museum op it Saailân iepen en foardat it sa fier is moat alles ferhuze wurde en moat de ynrjochting fan it nije gebou op oarder brocht wurde.

En sadwaande is de kolleksje in jier lang net te sjen. De direksje fan it museum wie wiis mei de grutte belangstelling op de lêste dei.

De measte besikers kamen - neffens eigen sizzen - benammen om de monumintale gebouwen fan it museum noch in kear te besjen.

(advertinsje)