ANALYZE: "Roozemond skoot himsels nei foaren as de grutte ferlosser"

It wurdt 'de Coup van Cees' neamd. De ûntwikkelingen by Sportklup Hearrenfean binne foer foar negative reaksjes en wantrouwen. "Cees Roozemond is yn hiel koarte tiid trochskood fan oandielhâlder nei algemien direkteur", sa jout sportferslachjouwer Arjen de Boer fan Omrop Fryslân oan. Hy jout in analyze oer dy oanstelling.
© www.orange-pictures.nl
Foar de analyze nimt Arjen de Boer ús mei nei novimber 2018: "Roozemond wie de foarsitter fan it Stichtingsbestjoer. Dat bestjoer hat doe it betrouwen yn de Ried fan Kommissarissen en Luuc Eisenga opsein. It Stichtingsbestjoer wie de dekking fan Eisenga en dy is doe opstapt."
"Der moast in nije Ried komme. Foarsitter fan dy Ried waard Cees Roozemond. Doe moast der allinnich noch in algemien direkteur komme en Roozemond naam dy taak op him as 'gedelegeerd bestuurder' sa't dat sa moai hjit."

Betrouwen

"Roozemond hat yn elk gefal it betrouwen fan it Stichtingsbestjoer, mar ek fan de ûndernimmingsried. Hy seit sels dat dizze stap breed droegen wurdt, mar it bliuwt fansels al hiel frjemd."
"As foarsitter fan it Stichtingsbestjoer hat hy jierren lang it belied goedkard, om dêrnei de Ried fan Kommissarissen en de direksje ôf te rekkenjen op datselde belied. En no skoot hy himsels nei foaren as de grutte ferlosser."

Team-Riemer?

"Woansdeitemiddei giet Roozemond mei leden fan it Stichtingsbestjoer en de Ried nei Langwar om dêr mei Riemer van der Velde, Foppe de Haan, Gertjan Verbeek en Yme Kuiper te praten. Yn de media hat Roozemond sein dat de 'trein fierder rydt' en in soad betrouwen hat yn it hjoeddeistige management. Cees Roozemond hat in soad betrouwen yn Cees Roozemond, mar goed, it Stichtingsbestjoer sit der foar it earst by."
"Ik haw tiisdei mei Foppe de Haan praat en dy sei dat se graach ideeën útwikselje wolle, filosofearje wolle oer hoe't sy de klup de mei inoar wer boppe-op helpe kinne. Der binne fansels wol wat problemen dy't oplost wurde moatte, lykas it operasjonele tekoart fan seis miljoen euro, sponsoaren dy't fuortrinne en it leechrinnende stadion."

Alternatyf

In alternatyf wie der neffens De Boer lykwols wol. "Sytse Bouwer, eardere direkteur fan haadsponsor Groenleven hat himsels nei foaren skood. Der wie foar it Stichtingsbestjoer lykwols mar ien dy't it wurde moast en dat wie Cees Roozemond", sa beslút Arjen de Boer.
Arjen de Boer oer de gong fan saken by Sportklup Hearrenfean