Sytse Bouwer oer oanstelling Roozemond: "It kloppet fan gjin kant"

06 mrt 2019 - 13:21

De wize wêrop't Cees Roozemond beneamd is ta algemean direkteur fan Sportklup Hearrenfean kloppet fan gjin kant. Dat seit Sytse Bouwer, de eardere direkteur fan GroenLeven, de haadsponsor fan SC Hearrenfean. Supporters, âld-bestjoersleden en sponsoaren waarden tiisdei ferrast troch it nijs fan de oanstelling fan Roozemond.

It Abe Lenstra Stadion - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

"Regeltechnysk sil it wol goed yn inoar sitte, mar as foarsitter fan it stichtingbestjoer, dan it RvC en de direkteur fuortstjoere, en dan sels nei foaren?" Bouwer kin der net by. Mar in 'coup' is it ek net, seit er. "Ast nei de regels sjochst, sil it wol klopje. Mar foar je gefoel, dan kinne je der wol fraachtekens by sette. Hy is trije jier lyn by de klup kaam. Doe hat er de direkteur en de Ried fan Kommissarissen fuortstjoerd op basis fan it resultaat en doe is er sels sitten gien."

Neffens Bouwer hat SC Hearrenfean belang by ien dy't ferbine kin. Ien dy't de klup en de omjouwing goed ken. "En dat is Cees net. Doe't hy trije jier lyn by de klup kaam, fertelde hy my noch dat er supporter fan AZ wie. Cees is in prima keardel en bestjoerlik is hy hiel goed. Allinnich sykje se net in bestjoerder, mar in direkteur fan in midden- en lytsbedriuw."

Sels ek kandidaat

Bouwer hat himsels earder ek kandidaat steld as direkteur, mar syn reaksje is gjin rankune, sa fersekeret hy. "Ik ha my kandidaat steld omdat ik helpe woe. Ik hie de mooglikheden derfoar. Ik bin in klupman, der is gjin rankune nei Cees."

De haadsponsor fan SC Hearrenfean, GroenLeven, driget te stoppen. Bouwer seit syn best te dwaan om syn ald-bedriuw as sponsor te hâlden, mar dat beslút leit by de direksje fan GroenLeven."As oandielhalder doch ik myn best om GroenLeven sponsor te hâlden en hoopje ik dat se dat noch jierren dwaan sille."

Bouwer is net de iennige dy't de gong fan saken opmerklik fynt. Ek Foppe de Haan fernuvere him oer dizze beneaming.

Sytse Bouwer oar de oanstelling fan Roozemond as nije direkteur SC Hearrenfean

(Advertinsje)
(Advertinsje)