Frachtwein mei heipeallen bedarret yn sleat by De Rottefalle; N369 tydlik ôfset

06 mrt 2019 - 13:20

Op de Litswei yn De Rottefalle rekke woansdei om it middeisoere hinne de sjauffeur fan in frachtwein mei heipeallen troch ûnbekende oarsaak de macht oer it stjoer kwyt. Dêrtroch bedarre de frachtwein yn de sleat.

Foto: Srfotografie

De sjauffeur rekke net ferwûne. De plysje is te plak en regelet it ferkear. Fanwegen de berging wurdt de N369 tydlik ôfset. It ferkear rjochting Dokkum wurdt omlaat fia de sintrale as, ferkear rjochting De Harkema moat fia de parallelwei.

Trefwurden: 
ûngelok De Rottefalle
(Advertinsje)
(Advertinsje)