Slim ûngelok op de A7; ien auto is oer de kop slein

06 mrt 2019 - 13:14

Op de A7 fan Drachten nei It Hearrenfean hat woansdei om it middeisoere hinne in slim ûngelok west. Der binne twa auto's by belutsen. Ien is oer de kop slein. Trije persoanen rekken ferwûne en binne nei it sikehûs tabrocht. It ûngelok barde by Tsjalbert rjochting knooppunt Hearrenfean. De A7 fan Tsjalbert rjochting De Jouwer ôf is ôfsletten.

Auto oer de kop slein by slim ûngelok op A7

Brânwachtkorpsen fan It Hearrenfean, Tsjalbert en Drachten binne oanwêzich. Ek is in traumahelikopter alarmearre.


Trefwurden: 
ûngelok A7
(Advertinsje)
(Advertinsje)