Keamerfragen moatte dúdlikheid jaan oer jild foar ferbreding slûs by Koarnwertersân

06 mrt 2019 - 12:35

De ferbreding fan de slûs by Koarnwertersân yn 'e Ofslútdyk is in langrinnend dossier. Ferantwurdlik deputearre Klaas Kielstra krige al meardere kearen nul op 't rekest fan de Europeeske Uny, as reaksje op sudsydzjeoanfragen fan de provinsje. Der is noch altyd in grut finansjeel gat en de brede slûs is noch lang net wis. Premier Mark Rutte sei ôfrûne wykein yn Ljouwert lykwols ta dat it allegear wol trochgiet. De keamerfraksjes fan de ChristenUnie en it CDA fûnen dat frij stellich en wolle witte hoe't dy oplossing der útsjocht.

De slûs by Koarnwertersân - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

"Het is mooi als de premier dat zo stelt, maar hoe gaat hij dat doen. Dat vraag ik me af", seit Twadde Keamerlid Stieneke van der Graaf fan de ChristenUnie. "Ik heb gevraagd hoe de regering dit wil aanpakken, dus heb ik aan de minister van Infrastructuur gevraagd welke oplossing de regering ziet om die verbrede sluis te realiseren."

Yn desimber is dêr in moasje oer oannommen. "Het is een grote wens die kamerbreed wordt gedragen. De minister heeft de opdracht gekregen om deze zomer in kaart te brengen hoe dat financieel kan. Het is goed dat de premier dit hardop heeft gezegd, maar ik vind dat hij nu ook duidelijkheid moet geven."

In bredere slûs soe goed wêze foar de ekonomyske ûntjouwing yn de brede Iselmarregio dêr't fjouwer provinsjes en tal fan gemeenten ûnder falle. Ek by it bedriuwslibben is in soad draachflak.

Stieneke van der Graaf fan de ChristenUnie

(Advertinsje)
(Advertinsje)