Rinus Buising: "Der is net ien dy't polityk bedriuwt lykas Provinciaal Belang Fryslân"

06 mrt 2019 - 11:30

Se komme der oan: de Provinsjale Steateferkiezingen. Woansdei 20 maart kin foar dy ferkiezingen stimd wurde. Alle dagen kriget in listlûker fan in dielnimmende partij de kâns om him of har foar te stellen. Woansdei is Rinus Buising, Provinciaal Belang Fryslân-listlûker, oan bar.

Rinus Buising - Foto: PBF

Namme: Rinus Buising

Leeftiid: 64

Wenplak: Twizel

Berop: eigener administraasjekantoar en belestingkonsulint

Hobby: muzyk meitsje, lêze, fotografearje en kryptograms meitsje

Partij: Provinciaal Belang Fryslân

Lid sûnt: GemeenteBelangen Achtkarspelen en sûnt 2019 wer lid

Besjoch it partijprogramma fan Provinciaal Belang Fryslân.

Rinus, sizze wy do of jo?

"Jo meie wol 'do' sizze."

Wêrom bisto listlûker wurden? Wêr kinsto it ferskil meitsje?

"In listlûker moat ien wêze mei kennis fan de lokale polityk en yn it gefal fan Provinciaal Belang Fryslân, sawol foar en nei de ferkiezings - yn steat wêze de ferskate partijen te ferbinen. Ik bin yn steat om de stânpunten fan ús partij konsekwint te ferkundigjen, dêr't ik de emoasje net de boppetoan fiere lit."

"Ik bin ek konsekwint, stânfêst, pragmatysk en reëel . De stânpunten dy't ik ferkundigje foar de ferkiezingen binne deselde as dy fan nei de ferkiezingen."

Wa is dyn grutte politike foarbyld? En wêrom?

"Ik haw gjin polityk foarbyld, en der is trouwens ek gjin lokale of lanlike beweging, dy't de polityk bedriuwt lykas Provinciaal Belang Fryslân."

Wat is it earste dat der feroaret as dyn partij yn it kolleezje komt?

"Der komt mear struktureel oerlis mei de lokale bestjoerders (wethâlders) en mei de ynwenners fan Fryslân troch middel fan sprekoeren."

Der komt mear struktureel oerlis mei de lokale bestjoerders.

Rinus Buising fan Provinciaal Belang Fryslân

Wat fynsto fan de stelling: 'De provinsje kin as bestjoerslaach wol ôfskaft wurde'?

"Der is neat mis mei it provinsjaal bestjoer sa't dat no is. In soad provinsjaal oerstiigjende maatregels kinne net oars as troch in provinsjale bestjoerslaach regele wurde en bewekke. De ynspraak út de lokale mienskip moat lykwols folle better."

Hoe wol dyn partij de Friezen better/mear belûke by de provinsjale polityk?

"Om't wy in tribune binne fan ferskate lokale, ûnôfhinklike partijen sil der gauris struktureel oerlis wêze (moatte) mei de oare lokale partijen út de provinsje."

Telefyzjeprogramma's lykas 'Zondag met Lubach' en 'De wereld draait door' gean regelmjittich oan de haal mei kampanjefilmkes. Hoe gean jimme dêr mei om?

"Wy hawwe gjin kampanjefilmkes om mei oan de haal te gean."

It lokale lûd wurdt net dan wol fierstente min heard yn de Provinsjale Steaten.

Rinus Buising fan Provinciaal Belang Fryslân

Fertel ris wat oer dysels dat net ien wit?

"De measte minsken sille net witte, dat dit de twadde kear is dat ik kandidaat bin foar Provinsjale Steaten. Yn 1987 stie ik ek op 'e list, lykwols op in net daliks, ferkiesber plak. Yn it hjoeddeiske tempo, dêr't minsken har sit tuskentiids ferlitte, hie ik miskien ek doe al kâns hân om steatelid te wurden."

Foar hokker Frysk streekprodukt meie wy dy yn de nacht wekker meitsje?

"Ik meitsje betûfte en bewuste karren. Ien dêrfan is sliepe en ik wol graach dat dit respektearre wurdt. Ik wol yn it gehiel nachts net wekker makke wurde. De Fryske streekprodukten meie oerdei en dan slaan ik oranjekoeke of in stikje sûkerbôle grif net ôf, is der trouwens ek Fryske swarma?"

Wêrom moatte minsken op 20 maart op dy stimme?

"It lokale lûd wurdt, dan wol net fierstente min, heard yn de Provinsjale Steaten. Ik wol graach de ideeën en winsken yn de provinsjale arena hearre litte en soargje dat de beslútfoarming dêrop ôfstimd wurdt. De provinsjale polityk is der foar de ynwenners fan Fryslân en net oarsom."

Op woansdei 20 maart kinsto stimme foar de Provinsjale Steaten. Tagelyk wurdt der ek stimd foar de Wetterskipsferkiezingen. Noch gjin idee op wa'tst stimme silst? Doch de Stimwizer en lês alles oer de ferkiezingen op ús webside Omropfryslan.nl/ferkiezingen.

(advertinsje)
(advertinsje)