Amelanners kinne meiprate oer plannen eigen feartsjinst

06 mrt 2019 - 11:13

De Amelander Veerdienst organisearret twa ynformaasjejûnen om mear oer harren plannen fan in eigen feartsjinst te fertellen. De earste gearkomste is woansdeitejûn. In groep fan seis Amelanner ûndernimmers kaam yn 2018 nei bûten mei plannen foar de Stichting Amelander Veerdienst. Dy wol yn 2029 in konsesje om in feartsjinst fan en nei it eilân te ûnderhâlden, omdat der grutte soargen binne oer de berikberens fan it eilân.

De fjoertoer op It Amelân - Foto: Omrop Fryslân

It doel fan de Amelander Veerdienst is om de konsesje fan 2029 ôf te krijen. Klaas Nagtegaal is ien fan de inisjatyfnimmers. "Al jarenlang hebben wij niets meer te vertellen over de veerdienst. De laatste vergunning heeft deze rederij (Wagenborg, red.) voor 15 jaar gekregen. Bij de volgende concessie bestaat de kans dat andere partijen zich aandienen en puur voor het financiële gewin hier naartoe komen. Dan rijzen de prijzen helemaal uit de pan."

De Amelander Veerdienst wol de Amelanners mear ynspraak jaan. Ek wolle se legere tariven en in oplossing fine foar de fertragingen. Se binne net bang foar itselde senario as op Skylge. "Wij willen niet concurreren met de huidige rederij. Iedereen kan proberen de concessie te verwerven. Degene met het beste plan krijgt de concessie."

De earste gearkomste is woansdeitejûn yn Nes, de twadde gearkomste is op tongersdeitejûn yn Hollum.

Klaas Nagtegaal fan de Amelander Veerdienst

(advertinsje)
(advertinsje)