Twangsom foar motorsportferiening Makkingea terjochte oplein

De gemeente Eaststellingwerf hat motorsportferiening De Prikkedam yn Makkingea terjochte in twangsom oplein foar it feroarsaakjen fan lûdsoerlêst op it crossterrein. De Ried fan Steat hat dat woansdei besletten, nei't de feriening yn heger berop gie.
© ANP
De twangsom kin oprinne oant maksimaal 10.000 euro. De Prikkedam moat dêr al 2.000 euro fan betelje, om't in lûdsmjitting fan omjouwingstsjinst Fumo te heech útfallen wie.

Ferkearde lokaasje metten

Neffens de Ried fan Steat is de twangsom net te heech. De motorsportferiening fynt fan wol en tinkt ek dat de Fumo op de ferkearde lokaasje metten hat.
In pear dat yn 'e omjouwing fan de crossbaan wennet, fiert al jierren prosedueren oer De Prikkedam.
© Omrop Fryslân, Onno Falkena