Lennie op staazje by de provinsje: meirinne mei deputearre Sietske Poepjes

06 mrt 2019 - 10:56

Op 20 maart binne de ferkiezingen foar Provinsjale Steaten. Dan kinne we stimme foar in nij provinsjaal bestjoer. Foar in soad minsken is it eins net dúdlik wat de provinsje docht. Der is ek net folle streekrjochte kommunikaasje tusken provinsje en boarger. Dêrom rint ferslachjouwer Lennie Bronsveld in wike lang staazje by de provinsje.

Dei 3: Steateleden hawwe trije wichtige taken. Se meie har stim útbringe op de minsken dy't yn de Earste Keamer komme. En ek kieze se wa't yn it kolleezje fan Deputearre Steate komme. Op dit stuit hat Fryslân fiif deputearren. Sy meitsje plannen en binne ferantwurdlik foar de útfiering dêrfan. Oan de Steateleden de taak om de deputearren te kontrolearjen. Sietske Poepjes is ien fan dy fiif deputearren en Lennie rint in dei mei har mei.

Dei 3: Staazje by Deputearre Poepjes

(Advertinsje)
(Advertinsje)