Kollum: "Sinleaze reis"

06 mrt 2019 - 10:33

"Johannes Kramer wol elk jier 200.000 guozzen ôfsjitte. Dan bliuwt hy in freon fan de boeren. Net elk steatelid is it mei him iens. Dy twivelje. Se soenen it nei twa jier wol wer efkes besjen wolle. Mar ja, Johannes wol dêr noch fjouwer jier sitte, en dan pas op 'e nij besjen. Dat past de boeren ek better.

Foto: Omrop Fryslân

De toan fan Eelke Lok

Twivelers tsjin boeren yn de steaten. Rinie van der Zanden, it Fryske Partij foar de Dieren-froutsje, hie de beslissende stim. Want it wie 20/20. En doe wie se sa senuweftich, dat se per ûngelok tsjin sei. Ek al om't je as PvdD'er faak tsjin oerheidsfoarstellen binne. Sa waard it, tsjin wat se woe, fjouwer jier.

Polityk is fan 2019, stimme fan 1848. Je kinne it net feroarje. Dat dogge se foar it oare oeral wol. Inkeld net yn it fûnemintalistyske Fryslân. Nee, sei Arno Brok, Rinie mei net noch in kear stimme. Dy oare 20 ha har ek net holpen, want dy hiene de jas al oan. It makket nammentlik allegearre net safolle út, want dy guozzen gean dochs fuort mei al dat gesjit. Mar it bliuwt formalisme. En dêr diene se Rinie sear mei, want it bin 400.000 mear deade guozzen.

Soks moat oars. Dat kin, want we ha 20 maart ferkiezingen fan Provinsjale Steaten. Ek foar it wetterskip Fryslân trouwens. Fan it wetterskip witte je net folle. De listlûkers fan dy ferkiezingen stiene sneon yn de Ljouwerter, mar ik koe der net iens safolle fan. Se ha blykber ek neat te sizzen, want it wetterskip hat 7,4 miljoen tefolle fergriemd. Dus it wurdt tiid dat we dêr ek efkes goed oer stimme. Mar dat docht 30 persint fan jim fêst wol.

Op dy 20ste maart geane de beide iennige mannen, dêr't we net op stimme hoege, op paad. Kommissaris Arno Brok en dykgraaf Paul van Erkelens. Dy gean dy stimmingsdei by alle 18 gemeenten lâns. Se begjinne moarns iere betiid op Flylân en sille de jûns wol yn Ljouwert einigje, want dan moat Brok de provinsjale útslach foarlêze by Omrop Fryslân.

Se bliuwe oeral in kertier. 18 kertier is 4,5 oere. Bliksems, dan moat se tuskentiids oanfege. Fan Starum nei Lauwerseach is oardel oere en fjouwer snelheidsbekeuringen. Ik tocht earst noch mei de boat, mar dat kin net. Helikopterwurk nei de eilannen. En op de wâl moat Max Verstappen syn wein brûkt wurde, oars rêde se it net.

Benammen net om't oeral de boargemasters yn it keatling ree stean om de beide keningen te ûntfangen. En al dy dwaze heale en hele politisy yn reade, blauwe en koskitengriene jaskes dûnsje der ek omhinne. Want ja, oeral soeme de kamera's en moat der fansels noch efkes reklame makke wurde. En hee Brok hjir is in stikje apelgebak, dat hat Sietske noch makke foarich wykein en Paul moatte jo net efkes in jonkje ha? Dat heart dochs yn it wetterskip? Dat rêde se nea yn in kertierke.

En wêrfoar? Gean jo en ik nei de stimbus om't Brok en Van Erkelens in kertierke del komme? Nee fansels. Sterker, ik wol wol graach witte wannear't se komme, dan kom ik dan net. Stimme is efkes twa krúskes sette en wer gau oan it wurk.

In folslein sinleas 'o heden' dus. En wat kostet dat wol net. Ik ha it besocht út te rekkenjen, mar wy kinne ús der gjin foarstelling fan meitsje. Te djoer. Te sinleas. Bliuw thús.

Miskien kinne Arno en Paul dan tegearre ris neitinke oer hoe't je minsken dy't krekt senuweftich ferkeard stimme dochs mei respekt behannelje kinne. Bygelyks, sa't it oeral bart: sille we it noch efkes oer dwaan? Dan praat der nea wer ien oer. No kaam frou Rinie folop yn it nasjonale byld, en foar my wie dat elke kear fan: hiene jim dêr yn Fryslân no net better mei rêde kinnen?

En Arno en Paul tink ek ris nei oer jim twa organisaasjes, provinsje en wetterskip, dy't har beide like drok mei wetter dwaande hâlde. Altyd alles dûbeld op. En meastal is der ek noch in gemeenteman by. Trijedûbeld. Sinleas. Sko dat ris yn inoar en sjoch dan hoefolle sinten as dat wol net skeelt. Dan meie jim dêrfoar tegearre wol in kear nei Flylân. Mei de gewoane boat."

Trefwurden: 
Kollum De Toan fan Eelke Lok
(Advertinsje)
(Advertinsje)