Westerener dielt klap út

01 jul 2012 - 15:10
Poeisz, Oerfal, Ljouwert - Foto: Robert-Jan Boonstra

De plysje hat sneontenacht yn it sintrum fan Kollum in Westerener (21) oanhâlden op fertinking fan mishanneling. De man wie belutsen by opskuor yn in hoarekasaak oan de Foarstrjitte. De man joech in Kollumer (20) in klap.

De Westerener waard foar dizze klap oanhâlden troch de plysje en foar neier ûndersyk ynsletten op it plysjeburo. It slachtoffer moast foar help nei de Dokterswacht. De Kollumer hat ek oanjefte dien.

(Advertinsje)
(Advertinsje)