Van Doesburg-Rinsemahûs yn Drachten is no in ryksmonumint

It Van Doesburg-Rinsemahûs oan de Torenstrjitte hat sûnt 1 maart de bysûndere status fan ryksmonumint krigen. Yn Nederlân krije mar twa gebouwen per jier dizze status. Minister Engelshoven hat it hûs yn Drachten de status tasein om't der mar ien hûs yn Nederlân sa'n moaie kleurharmony hat.
Van Doesburg-Rinsemahûs yn Drachten is no in ryksmonumint
Museum Drachten is wiis mei dizze status. Sa kinne se no mei finansiering út fûnsen de wenning yn goeie steat hâlde. Museum Drachten is dizze wike ek begûn mei it jaan fan rûnliedingen troch it hûs oan de Torenstrjitte. It giet no noch om in pilot, mar fan 15 maart ôf is der in folslein programma beskikber. It hûs yn de Torenstrjitte is fan arsjitekt Theo van Doesburg, grûnlizzer fan de bekende keunstnerbeweging De Stijl.
Bauke Deelstra yn petear mei Annemieke Keizer fan Museum Drachten
Van Doesburg kaam yn Drachten telâne fia syn freonskip mei de Drachtster keunstner Thijs Rinsema. Op advys fan Van Doesburg binne doe sechstjin nije wenten oan de Torenstrjitte yn 1921 yn fûle kleuren skildere. Dat smiet in soad opskuor op, sadat de wenten in jier letter oerskildere waarden.
Hast 70 jier letter binne de wenten yn de orizjinele kleuren werombrocht. Fan doe ôf stienen de wenningen bekend as de papegaaie-buert. Ien fan de huzen is no museumwenning. It bysûndere is dat minsken hjirre net, lykas yn in museum, nei in skilderij sjogge, mar der troch hinne rinne. Annemieke Keizer, fan Museum Drachten: "Het is een driedimensionaal schilderij, niet zomaar een huis dat wat kleurtjes heeft. Je stapt een schilderij binnen in De Stijlkleuren."
Bauke Deelstra yn it Van Doesburg-Rinsma hûs