Portiers bedrige yn Ljouwert

01 jul 2012 - 14:54

De plysje hat sneontenacht in Ljouwerter (28) oanhâlden foar it bedriigjen fan portiers op it Ruterskertier. De man wie belutsen by opskuor yn in hoarekasaak en moast dêrom de saak ferlitte.

De plysje waard der byhelle. De plysje hâlde de man oan, omdat er tige agressyf wie en de portiers begûn te bedriigjen. Ien fan 'e portiers hat oanjefte dien tsjin de man. De Ljouwerter waard heard op it plysjeburo. Der is proses-ferbaal tsjin de man opmakke.

(advertinsje)