Hûneklups driigje harren fjild by De Tynje kwyt te reitsjen

06 mrt 2019 - 07:39

Hûnesportferieningen De Doordouwers en De Vluchtsprong driigje harren trainingsfjild oan de Hanebuert by De Tynje kwyt te reitsjen. It terrein is eigendom fan de provinsje en dy wol it ferkeapje as lânbougrûn.

De priis dy't foar lânbougrûn frege wurdt, is te heech foar de beide hûneklups. Dy brûke de grûn al jierren, se ha der ek in kantine pleatst. Mocht it terrein ferlern gean, dan betsjut dat nei alle gedachten de ein fan beide klups. Dy kinne net samar in nij terrein fine. Se ha fanwegen it lûd dat de hûnen ûnder de trainingen meitsje, de romte nedich.

Foto: Omrop Fryslân

Neffens Leonie van der Horst, foarsitter fan de hûnesportferiening, hawwe se sa'n njoggen jier lyn mei de provinsje ôfsprutsen dat sy fuort gean soene as der in keaper is. Yn de ôfrûne njoggen jier is der gjin keaper west en dy is der no ek net. "Se wolle de grûn as lânbougrûn ferkeapje, mar it wie earder in slibdepot. As de boeren it hawwe woene, hiene se it al lang kocht", seit Van der Horst.

Leonie van der Horst, foarsitter fan ien fan de hûnesportferieningen, oer it fjild by De Tynje

Foto: Omrop Fryslân, Johanna Brinkman

Petysje om it terrein te behâlden

De klups binne op petitie24.nl in petysje begûn om it terrein te behâlden. Se wolle de hantekens, foar de steateferkiezingen op 20 maart, oanbiede oan Provinsjale Steaten, om dy sa op oare gedachten te bringen. De petysje fan hûnesportferieningen De Doordouwers yn De Tynje en De Vluchtsprong yn Jobbegea is al mear as 400 kear ûndertekene.

(advertinsje)