Man rydt troch nei ûngelok

01 jul 2012 - 14:40

De plysje hat sneontejûn in man (23) út Twizelerheide oanhâlden op fertinking fan swiere mishanneling. De man ried tsjin acht oere jûns op de Anne Vondelingwei in auto fan in Hilaarder (23) oan, mar stoppe net. De Hilaarder gie yn de achterfolging en besocht de man út Twizelerheide oan te sprekken yn de Resadastrjitte. Dizze joech lykwols fol gas en ried op 'e nij tsjin de auto fan de Hilaarder oan.

De plysje koe de man letter thús oanhâlde op basis fan syn sinjalemint. Tsjin de man is proses-ferbaal opmakke. Syn rydbewiis is ynnommen.

De man sil him letter ferantwurdzje moatte foar it trochriden nei in ûngelok en foar swiere mishanneling.

(Advertinsje)
(Advertinsje)