Drachtster Boys en BCV lêste Fryske ploegen yn distriktsbeker

06 mrt 2019 - 06:02

Earsteklasser Drachtster Boys en twaddeklasser BCV binne de lêste twa Fryske ploegen dy't noch aktyf binne yn it distriktsbekertoernoai. Sy hawwe harren pleatst foar de kwartfinale.

Foto: www.orange-pictures.nl

Drachtster Boys wûn mei 3-0 by in oare Fryske ploech: Broekster Boys. Yn Damwâld soargen Dennis Hoekstra, Rob Schokker en Paul Bergtop foar de Drachtster doelpunten.

BCV soarge foar in grutte stunt troch haadklasser ACV út te skeakeljen. De Burgumers kamen tiisdei in kertier foar tiid op efterstân, mar twa minuten letter makke Yorn Sikkenk de gelykmakker. Yn de penaltysearje wie BCV oppermachtich: 4-1.

Bûtenpost en Twizel útskeakele

Bûtenpost en SC Twizel fleagen derút yn de achtste finale. De 'Blauwkes' giene thús nei strafskoppen ûnderút tsjin Flevo Boys. Treddeklasser SC Twizel spile tsjin it twadde alvetal fan Flevo Boys, dat yn de reservehaadklasse útkomt. De Twizelers kamen in lyts healoere foar tiid op foarsprong yn Emmeloord, mar Flevo Boys 2 wûn úteinlik mei 2-1.

Achtste finalen

Broekster Boys Drachtster Boys 0 - 3
Bûtenpost Flevo Boys 1 - 1 (Flevo Boys w.n.s.)
Winsum Pelikaan S 2 - 1
BCV ACV 1 - 1 (BCV w.n.s.)
Flevo Boys 2 SC Twizel 2 - 1
Drenthina VEV'67 1 - 2
HZVV Hoogeveen 13 maart
Helpman (sneons) Oranje Nassau Grins datum noch net bekend

De lotting foar de kwart- en heale finalen is oare wike woansdei, nei de wedstriid HZVV - Hoogeveen.

De Grinzer derby Helpman - Oranje Nassau Grins moat ek noch spile wurde, mar de KNVB docht noch ûndersyk nei de wedstriid fan Helpman tsjin LAC Frisia 1883 yn de foarige ronde. Helpman soe yn dy wedstriid in spiler ynset ha dy't net spylberjochtige wie.

De kwartfinalen wurde spile tusken 30 maart en 4 april.

Bekertoernoai foar amateurklups

De distriktsbeker is it toernoai foar Nederlânske amateurklups. Klups út de haadklasse en leger dogge oan it toernoai mei. De twa Fryske klups yn de tredde difyzje, Harkemase Boys en ONS Snits, dus net. Sadwaande is Bûtenpost de heechst spyljende Fryske klup yn dit bekertoernoai.

Der binne seis KNVB-distrikten yn Nederlân. Alle Fryske klups sitte yn distrikt Noard.

(advertinsje)