Fjouwer tips yn saak-Balk yn Opsporing Verzocht

05 mrt 2019 - 22:59

De plysje hat fjouwer tips krige nei de útstjoering fan Opsporing Verzocht fan tiisdei. Yn it programma wiene bylden te sjen fan manlju dy't derfan fertocht binne belutsen te wêzen by de oplichting fan in ynstallaasjebedriuw yn Balk. It bedriuw waard yn augustus 2018 hast njoggentûzen euro ôfluze troch phishing mei de sms.

De fertochten stean der dúdlik op - Foto: Opsporing Verzocht

In meiwurker fan it bedriuw krige in sms, dêr't yn stie dat de reader opnij keppele wurde moast. Nei't er dat dien hie, waard der frij gau hast njoggentûzen euro fan de bedriuwsrekken ôfskreaun.

Fan dat bedrach waard fiiftûzen euro fuortendaliks opnaam by pinautomaten yn Lelystêd en Halfweg. De oare fjouwertûzen euro waard oerskreaun nei in oare dupearre, dy't syn pinpas en pinkoade nei de fertochten opstjoerde. Dêrnei is mei de pas in Amsterdam en Amstelveen pind.

Yn de ôflevering fan Opsporing Verzocht kamen de fertochten goed yn byld. Nei oanlieding fan de útstjoering kamen fjouwer tips binnen, dy't neffens de plysje de muoite wurdich binne.

(Advertinsje)
(Advertinsje)