Flessetrekker pakt yn Wolvegea
De plysje hat sneontejûn in man (28) mei ûnbekend wenplak oanhâlden op fertinking fan flessetrekkerij. De man hat sneontemiddei iten en dronken yn in restaurant oan it Van der Sandeplein yn Wolvegea, mar waard ferfelend doe't de meiwurkers him gjin drank mear jaan woene.
De man naaide út sûnder te beteljen. De plysje waard alarmearre. Dy koe de man justjes letter oanhâlde en ynslute foar neier ûndersyk. Der is oanjefte dien tsjin de man.