Bestjoerskrisis keatsferiening Jan Bogtstra op nipperke foarkaam

05 mrt 2019 - 22:38

In bestjoerskrisis yn de keatsferiening Jan Bogtstra út Frjentsjer is tiisdeitejûn by de algemiene ledegearkomste fan de klup op it lêste nipperke foarkaam.

Bestjoerskrisis keatsferiening Jan Bogtstra op nipperke foarkaam

In kommisje fan seis leden hat him dwaande hâlden mei foarstellen om Jan Bogtstra wer op de kaart te setten. Yn de kommunikaasje mei it sittende bestjoer binne yn de ôfrûne moannen nochal wat stekjes falle litten. Dat hat de ûnderlinge sfear der net better op makke. De kommisje wol dat it bestjoer opstapt. Sy hawwe sels in trijekoppich nij bestjoer klear stean om Jan Bogtstra wer nij elan te jaan.

Tinus Boomstra fan de kommisje bliuwt by ynsetten fan it opstappen fan it hjoeddeiske bestjoer

Foto: Omrop Fryslân

Nochris om tafel

Mar safier kaam it tiisdeitejûn krekt net. De gearkomste frege mei klam oan beide partijen om nochris om de tafel te gean. Sawol de sittende foarsitter, Ludwig Seerden, as de mogelik kommende foarsitter, Tinus Boomstra, doarde it úteinliks net oan om de saak op de spits te driuwen. Beide sprutsen oer it belang van Jan Bogtstra, dat sy beide net skeine wolle.

Dochs sit der yn de feriening in protte twaspjalt, argewaasje en wantrouwen. De kommisje bliuwt by it stânpunt dat it hjoeddeistige bestjoer opstappe moat. Sa net, dan lûkt de kommisje him werom. Wat der dan fan de plannen komt, is ûndúdlik.

Mooglik mei mediator

Mar safier is it no dus net kaam. Op oantrúnjen fan de gearkomste binne beide partijen akkoart gien mei it útstel fan in beslissing. Binnen seis wiken moat der dúdlikens komme. Beide partijen sille yn dy perioade wer mei-inoar om tafel, eventueel ûnder lieding fan in neutrale mediator. Foar sittend foarsitter Ludwig Seerden is it hoe dan ek syn lêste put. Nei in lange bestjoersperioade by Jan Bogtstra is er net mear beskikber foar in nije termyn as bestjoerslid

Harkje nei Ludwig Seerden

(Advertinsje)
(Advertinsje)